Parseberjocht


Eartiids sprongst do mei de polsstok oer de sleat, in fluche wiize om it wetterryke Nederlân te trochkrúsen en om ljipaaien te sykjen om it earste aai oanbiede te kinnen oan de keninginne. (krantenartikel)

Sûnt 2015 is it ferbean om ljipaaien te sammeljen, mar net om dizze te sykjen. Dizze moaie oer-Fryske tradysje sille we -anno 2018- tóch opnij belibje yn Ljouwert. Út it sleatsjespringen is ea it fierljeppen ûntstien. Dizze oer-Fryske warberens kinst do belibje yn ús Polsstok Puzzeltocht.

200 Meter Noardlik fan Bilgaard leit it Ljouwerter bosk, in hiel geskikt gebiet mei leuke sleatten, om sa it gebiet troch in polsstokroute ferkennen te gean.

  • Meitsje dizze súvere Fryske ûnderfining mei
  • Do lûkst sportyfe klean oan en krijst as soks winske wurdt boere-klean (kiel halsdoek pet) te lien
  • Do krijst útliz oer de tocht.
  • Eltse groep krijt in wettertichte rêchsek mei in routekaart mei puzzelfragen.
  • Wa´t dat wol, krijt in koarte clinic ‘fierljeppe’.
  • Dan kuierst do mei de polsstok in route (fan 3-5 km) yn 1,5 à 2 oeren mei ûnderweis ûnferwachtse tûkelteannen.
  • Wolst do net springe? Dan kinst do ek omrinne.

Nei ôfrin komme wij bijinoar yn wyksintrum Bilgaard. We bisjogge de foto’s dy’t makke binne en bisprekke de puzzeltocht. Yn it wyksintrum kinne we wat ite en drinke (foar eigen rekken) en slûte we ôf mei in oantinken.

Koartsein: in échte Fryske ûnderfining mei in polsstoktocht.

Iepening: spring 2018

Nei dizze iepening kinst do it hiele seizoen as groep (clinic, femylje, feriening, jierdei, bachelor, personielsferiening, teambuilding) in puzzeltocht reservearje mei de polsstok en ferskate aardiche puzzelopdrachten en tûkelteammen.

Kontaktynformaasje:

www.polsstoktocht.nl
Ús finish- en start in wyksintrum Bilgaard.
De Hooidollen 17, 8918 HV, Ljouwert.
Rúnom De Wykkoepel, sjoch ek www.bilgaardnet.nl
troch wykkrant Bilgaard Nijs.

Mail: info (at) polsstoktocht.nl
Chris Buijtenhuijs, tel. 050-5776617, ma. tm wo. 20.00 – 21.00 uur svp.
(whats-app kin altyd)

Met onze bijzondere dank aan Corrie Postma (St. Nicolaasga) voor de Friese vertaling

 

Barkevious Mingo Jersey